Gjin ferrassings by FK judo

Judoka Ivo Hemminga fan De Haule is sneon Frysk kampioen wurden by it Frysk kampioenskip judo yn it Kealledykje yn Ljouwert. Ek Jelte de Leeuw út Ljouwert mocht de Fryske titel yn ûntfangst nimme. By de froulju gong de titel by de senioaren nei Natascha Ausma fan judoskoalle Oord.
Tagelyk mei it Frysk kampioenskip waard ek it Nederlânsk kampioenskip oant 17 jier holden. Dêr pakte Sanne Vermeer út Stiens de Nederlânske titel. Yn de finale wie Vermeer oppermachtich en wûn mei twa waza ari's fan Ymke van der Burgh.