Files by Ljouwert troch wurk

By Ljouwert steane files fan ferkear dat de stêd yn en út komme wol, fral rjochting de A32, de Oeriselsestrjitwei rjochting It Hearrenfean. De oarsaak is dat de Drachtsterwei en de Drachtsterbrêge dit hiele wykein ôfsletten binne yn ferbân mei de oanlis fan in akwadukt ûnder it Van Harinxmakanaal troch.
It ferkear wurdt omlaat oer de Werpsterhoeke en de Oeriselsestrjitwei. Ferkear dat út it easten komt kin oer Burgum en Hurdegaryp Ljouwert berikke.
De projektlieding hie yn it foar warskôge foar mooglike ferkearshinder.