Drachtsters winne yn Staphorst

Drachtster Boys hat sneon goede saken dien troch mei 3-2 te winnen fan Staphorst. Yn Staphorst kaam de thúsploech betiid yn de wedstriid op foarsprong. Fan 11 meter ôf makke Sicco Bouwer de lykmakker. Foar rêst wie it op 'e nij Bouwer dy't in penalty benutte en sa de Drachtsters op in 2-1 foarsprong sette.
Fuort nei it skoft kaam Staphorst op likense hichte. Aziz Geyik soarge op 'e nij foar de Drachtster foarsprong. Yn in ûnrêstige slotfaze wisten de Drachtsters de oerwinning mei hurd wurkjen oer de einstreek te lûken.
De ploech fan trainer Fred de Boer komt troch de winst op 28 punten út 22 wedstriden.