Fryske súksessen op ONFK

05 apr 2014 - 16:02

35 fanfarekorpsen út it hiele lân diene dit wykein yn De Lawei yn Drachten mei oan it Iepen Nederlânsk kampioenskip Fanfare ONFK. Mei-inoar 1500 muzikanten striden om de titel yn fiif divyzjes. Freed wie der al Frysk súkses foar CMV Melodia Wikel en Concordia Drachten. Sy binne kampioen wurden yn de fjirde en fyfde divyzje.

It kampioenskip yn de tredde divyzje gie sneontemiddei nei Hâld Moed fan Easthim ûnder lieding fan dirigint Simen Hoekstra. It kampioenskip is oant sneontejûn let te folgjen op www.omroplive.nl.

Yn de twadde divyzje gie it kampioenskip nei fanfare Concordia Leveroy út it Limboarchske doarp mei deselde namme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)