Aksjegroep posityf út De Haach

© Omrop Fryslân
Aksjegroep Red De Sionsberg is hoopfol weromkaam fan in oerlis yn De Haach oer streeksikehuzen. Minister Schippers fan folkssûnens hat dêr woansdei yn in kommisjegearkomste tasein sjen te wollen nei in útsûnderingsposysje foar De Sionsberg. It sikehûs moast fan de ynspeksje foar de folkssûnens syn akute soarchpost slute omdat er net oan de easken foldocht.
De minister wol no besjen oft de easken oanpast wurde kinne, sadat de post wol iepen bliuwe kin. De aksjegroep hat goeie hoop dat de minister mei in oplossing komt.
Op 7 maart giet Red De Sionsberg wer nei De Haach. Dan wurdt praat oer bertesoarch yn streeksikehuzen. Ek dy ôfdieling driget út De Sionsberg te ferdwinen. Mooglik dat de minister kiest foar in kombinaasje fan de akute soarchpost en de ôfdieling bertesoarch.