Bouwmeester pakt de wrâldbeker

Marit Bouwmeester yn aksje © Richard Langdon
Sylster Marit Bouwmeester fan Warten is sneon twadde wurden yn de ôfslutende medaljerace by it wrâldbekersilen op Mallorca. Dêrmei fergrutte se har foarsprong yn it klassemint en pakte se mei oermacht de wrâldbeker yn de Laser Radial klasse.
Bouwmeester wie freed al wis fan de einoerwinning, om't har foarsprong yn it klassemint net mear yn te heljen wie troch konkurrinte Tuula Tenkanen út Finlân dy't 9e waard yn de medalrace en it sulver pakte. It brûns gong nei Chloe Martin út Ingelân, dy't yn de medalrace knap fjirde waard.
Grutte konkurrinte Evi van Acker út België einige teloarstellend as tsiende yn de medaljerace en belâne dêrtroch njonken it poadium op it fjirde plak.