Broer Ooms bliid mei tbs-eask

15 feb 2012 - 20:07

Dat twa fan de trije fertochten fan de moard op Marinus Ooms út Haulerwyk mooglik tbs oplein krije fanwege in persoanlikheidsstoarnis is in goeie saak. Dat fynt broer Peter Ooms. Dizze dagen behannelet de rjochtbank it heger berop dat yntsjinne is tsjin de selstraffen fan 20, 15 en 10 jier dy't earder oan de fertochten oplein waarden.

No binne der selstraffen fan 18, 12 en 10 jier easke en foar twa fan de trije fertochten ek tbs. Neffens Peter Ooms wurde dêrmei mear slachtoffers tefoaren kaam.

Wannear't útspraak dien wurdt yn de saak is noch net dúdlik. Earst is der tongersdei noch in twadde sittingsdei oer it heger berop.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)