Museumwykein yn 45 musea

05 apr 2014 - 12:48

45 Fryske musea dogge sneon en snein mei oan it lanlike museumwykein. Dat wurdt dit wykein foar de 33e kear organisearre. It tema is dit jier: 'Doe een museum'. Besikers fan musea kinne sneon en snein goedkeap of sels hielendal fergees nei musea ta. Dit soarget foar in soad ekstra drokte. Der wurde tûzenen ekstra besikers ferwachte.

Ien fan de musea dy't mear besikers oer de flier krige is it Planetarium yn Frjentsjer.

Mear ynformaasje oer it museumwykein.

It Admiraliteitshûs yn Dokkum grypt it museumwykein oan om in bysûndere kolleksje sjen te litten. It giet om kostber 17e ieusk tsjerkesulver fan 'e tsjerken út Mitselwier en Nijewier lykas doopsulver en ferskate kannen en bekers.

Trefwurden: 
musea Museumwykein
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)