Soargen hoareka oer nije wet

De Fryske Hoareka makket him grutte soargen oer de nije alkoholwet. Sûnt 1 jannewaris moatte jongeren 18 jier wêze as se in pilske keapje wolle, earder wie dat 16 jier. Eigeners fan kafees en kroegen sjogge dat der yn it earste fearnsjier folle minder jongeren nei de hoareka kaam binne en de grutte fraach is wêr't al dy jongeren no úthingje.
De ferwachting is dat de jongeren no yllegaal thús drinke of yn keten. Stichting Nuchtere Fries sil ûndersyk dwaan nei dizze situaasje.
Thús of yn de sûpkeet drinke is net sûnder risiko, want op dy plakken is der gjin kontrôle. De hoareka wol de jongeren graach werom hawwe. Sy binne der klear foar om jongerein ûnder de 18 fris, tee of wat oars sûnder drank te skinken.