Makkumer rydt tsjin beam

Plysjemotor © ANP XTRA
Yn Makkum is sneontemoarn betiid in dronken militêr tsjin in beam botst. It giet om in 23-jierrige Makkumer. Hy botste sneontemoarn om healwei fiven hinne yn de Tsjerkestrjitte yn syn wenplak tsjin in beam. Dat hat de plysje fan Snits op twitter melden.
It die hjirby bliken dat de militêr ûnder ynfloed wie. De plysje hat de Makkumer oerdroegen oan de Keninklike Maresjesee.