Tribute oan Kurt Cobain

04 apr 2014 - 21:39

Podium Asteriks yn Ljouwert stiet dizze dagen folslein yn it teken fan Kurt Cobain. Sneon is it de 20ste stjerdei fan dizze ferneamde muzikant. Dêrom brochten trije bands ( Drive By Wire, Buffalo Roam en Menhir) freed yn in útferkocht Asteriks in oade oan Cobain, dy't op 27-jierrige leeftyd ferstoar. Sy hawwe alle trije op de ien of oare wize in bân mei Cobain of Nirvana.

Neist it earbetoan binne der ek 20 bands dy't de ôfrûne moannen in cover fan Cobain opnaam. Dizze nûmmers binne fan sneontemiddei 12 oere ôf te beharkjen fia de webside.

Sjoch hjir foar de Kurt Sessions.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)