Inisjativen foar gastfrij Grou

04 apr 2014 - 20:55

Toeristen in helpende hân biede as se mei koffers fan it stasjon nei it sintrum fan Grou rinne. Dat soarte fan gastfrijheid, dêr is it projekt Gastfrij Grou nei op syk. It is ien fan de initsjativen om it doarp noch oantrekliker te meitsjen foar toeristen.

Ein ferline jier is mei it projekt úteinset. Doel is om ideeën te sammeljen dy't Grou better op de kaart sette kinne. Sa is der al in nije webside foar it doarp en is ek it toeristysk magazine Grou Aktyf fernijd.

Takom wike stiet der by de iepening fan it wettersportseizoen in lange tafel yn it sintrum der't eltsenien oanskowe kin foar de lunsj.

Trefwurden: 
Grou toerisme gastfrijheid
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)