Fryske haadtrainer by Rostock

04 apr 2014 - 19:49
  • In fuotbal

De Fryske fuotbaltrainer Robert Roelofsen is sûnt dizze wike tydlik haadcoach fan de profklup Hansa Rostock dat útkomt yn de tredde profliga fan Dútslân. Hy nimt dêr it roer oer fan de haadtrainer dy't dizze wike ûntslein waard.

Roelofsen wurke sûnt jannewaris al by Rostock as trainer fan it twadde nei aventoeren yn Yndonezië en Libië. Fanwege syn diploma's mei hy it earste net langer as twa wiken traine. Dernei moat der in nije haadcoach komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)