Staking by kasino Ljouwert

Der wurdt staakt by Holland Casino yn Ljouwert, Grins en Enschede. De staking is freed om fiif oere begûn en sil 24 oeren duorje. It giet om in estafettestaking ûnder de mei-inoar 3000 meiwurkers fan Holland Casino, dy't freedtemoarn yn Skeveningen begûn. It bedriuw jout in soad meiwurkers dien omdat de ynkomsten werom rinne, mar der is gjin sosjaal plan.
Ek ha de meiwurkers argewaasje fan de ferkearde besluten fan de direksje, dêr't de meiwurkers foar opdraaie, seit de FNV. As de direksje net omlyk wol, komt der in lanlike staking.