A'karspelen:minder OZB-beswier

Achtkarspelen hat 40.000 euro fertsjinne, omdat der minder beswieren tsjin de weardebepaling fan de huzen foar de OZB yntsjinne binne. De kampanje 'Maak gratis bezwaar' hat fertuten dien. Minsken dy't beswier hienen hoegden gjin buro yn te skeakeljen, mar koenen dat fergees by de gemeente dwaan. Neffens boargemaster Gerben Gerbrandy kin it OZB taryf no nei beneden.
Frits Bolt fan buro WOZME.nl tinkt dat de gemeente dit jier opnij in soad jild kwyt is oan prosedueres, omdat der by ferskate buro's noch 238 beswierskriften lizze.