Dijks wer fit, Zomer noch net

04 apr 2014 - 16:06

Mitchell Dijks keart werom yn de seleksje fan Sportklup Hearrenfean. De linksback wie sûnt 8 maart blesseard oan syn ljisk. Ramon Zomer sit noch net by de seleksje. De sintrale ferdediger is in moanne lyn opereard oan syn knibbel en hat al wer mei de beloften meidien, mar neffens Van Basten moat Zomer it rêstich oan dwaan.

Hakim Ziyech is skorst foar de wedstriid tsjin PSV fan sneontejûn.

Van Basten reagearre ek op it nijs fan dizze wike dat Lodeweges de nije coach wurdt en fuortendaliks opstapt by Cambuur: 'Volgens mij is hij de ideale coach voor Heerenveen. Hij heeft al heel wat ervaring, kent de club, heeft veel in het noorden gewerkt en speelt met Cambuur leuk voetbal.'

Op de stelling dat Cambuur no ek noch in nije trainer siket, reagearre Van Basten laitsjend: 'Haha, dat lijkt me geen goed idee. Met alle respect.'

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)