'Fear-akkoart net wetterticht'

04 apr 2014 - 15:59

It akkoart tusken Doeksen, de EVT en it Ryk is net sa solide as de partijen sizze. Dat is de analyze fan advokaat Rudolf Knegtering fan Rotshuizen en Geense yn Ljouwert. As der in nije partij komt dy't de konkurrinsje mei Doeksen oangean wol, dan kin dat neffens Knegtering. Ek makket it in grut ferskil oft de Waadsee sjoen wurdt as see of as binnenwetter.

Komt der in útspraak dat de Waadsee see is, dan moat de feartsjinst Europeesk oanbestege wurde. Dit betsjut dat partijen út hiel Europa dan op de konsesje ynskriuwe meie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)