Caparis út reade sifers

04 apr 2014 - 14:44
  • Caparis yn Drachten

De oandielhâlders fan sosjale wurkfoarsjenning Caparis NV kinne tefreden wêze. Caparis is út de reade sifers en de takomst sjocht der ek goed út. Der is oer 2013 in winst fan 1.3 miljoen euro makke, wylst op in ferlies fan hast in miljoen rekkene wie. Dit komt omdat der mear minsken oan it wurk binne en de kosten nei beneden brocht binne. Ek binne folle minder eksternen ynhierd.

De grutte fraach is wat der mei de winst bart. Giet dy werom nei de gemeenten of mei Caparis in reserve opbouwe. Achtkarspelen wol graach wat jild werom hawwe.

Neffens wethâlder Klaas Antuma fan Achtkarspelen hawwe de gemeenten de ôfrûne jierren in soad ekstra jild betelje moatten om it ferlies op te heinen. Mar hjiroer moatte de gemeenterieden in beslút nimme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)