T-diel hâldt deselde koälysje

04 apr 2014 - 14:24

Tytsjerksteradiel hâldt in koälysje fan CDA, FNP en PvdA. Dizze partijen, dy't de ôfrûne fjouwer jier ek oan de macht wienen, binne yn tal sitten gelyk bleaun by de lêste ferkiezings. Ynformateur Gjalt Benedictus hat petearen hân mei alle sân partijen yn Tytsjerksteradiel, mar kaam ta de konklúzje dat de âlde koälysje de bêste opsje wie.

Sy prate no fierder oer it koälysje-akkoart. De bedoeling is dat dit op tongersdei 17 april presintearre wurdt. Dan moatte ek de trije wethâlders bekend wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)