Cambuur: 'Knop om'

04 apr 2014 - 12:55

De knop is om, sa sei Cambuur trainer Henk de Jong freed nei de training. Nei al it gedoch om Dwight Lodeweges hinne fan de ôfrûne wike moat Cambuur no wer fokusje op fuotbal. Sneon stiet de belangrike útwedstriid tsjin NEC op it programma. In klup mei degradaasjesoargen. Cambuur is ek noch net feilich. De Ljouwerters hawwe noch sa'n trije punten nedich.

By Cambuur is Lucas Bijker skorst. Syn ferfanger is Marlon Perreira. Fierder is eltsenien fit. De Jong twivelet noch oer Van Moorsel of Bakker op it middenfjild.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)