Passazjiers wiis mei akkoart

04 apr 2014 - 12:21
  • De fearboat nei Skylge siet freedtemoarn fol

De measte boatreizgers reagearren freed posityf oer it akkoart fan EVT, Doeksen en Ryk dat in ein makke oan de fearboatoarloch op it Waad tusken Skylge en Harns. It akkoart wie freed yn de haven fan Harns it praat fan de dei. In soad reizgers binne bliid dat der no in ein kommen is oan it skeel tusken EVT en Doeksen. Ek fine se it moai dat de eilanners tenei ynspraak krije oer de tsjinstregeling.

In minderheid fan de boatreizgers reagearret kritysk. Se fine dat de EVT mei 9 miljoen euro wol in hiel soad jild krijt fan de steat.

De krityske reizgers 'moatte noch mar sjen' wat der telâne komt fan de ynspraak by Doeksen. De konkurrinsje fan de EVT hat goed west om rederij Doeksen wekker te skodzjen en klantfreonliker te meitsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)