Hollânske beflibet stappers

04 apr 2014 - 11:43

In 21-jierrige frou fan Wieringerwaard is tongersdeitejûn yn Ljouwert bekeurd foar iepenbiere dronkenskip, mislediging fan de plysje en it opjaan fan in falske namme. De frou wie op stap yn in kafee oan it Ruterskertier, dêr't se mei in slok op foar oerlêst soarge by oare kafeegasten.

Se beflibe oare kafeebesikers, wêrnei't se troch de útsmiter op strjitte set waard. Doe't de frou wegere fuort te gean, waard de plysje belle. By har oanhâlding misledige se de plysje en joech se in falske namme op. De frou is meinaam nei it plysjeburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)