Flylân is 'ôfgryslike bliid'

04 apr 2014 - 11:33

De deal tusken de EVT, Doeksen en it Ryk is ôfgryslik wichtich foar Flylân. De belangen fan it eilân binne no foar 15 jier feilich. Dat seit boargemaster Ella Schadd-de Boer. Flylân drige de dupe te wurden fan de fearboate-oarloch. As de partijen der net útkaam wiene soene ôffearten nei it eilân mooglik ferfalle.

Undernimmers wiene benaud dat der minder toeristen komme soene. De flagge is dan ek út op it eilân. Neffens foarsitter Eric Houter fan de ûndernimmersferiening is foar eltsenien fan belang dat der wer rêst is op de Waadsee.

Houter is ek wiis mei de ynspraak dy't eilanners krije by Doeksen oer de feartsjinsten. Wat dat krekt betsjut is noch net helder. Houter hopet bygelyks dat de priis fan de kaartjes omleech kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)