Falsk jild yn Dokkum

jild © ANP XTRA
De iisklup yn Dokkum warskôget foar falske bryfkes fan 50. De bank fûn dêr trije fan tusken it jild dat de iisklup ynlevere nei de ôfrûne winterdagen. It jild komt fan besikers fan de iisbaan. Fan wa't it falsk jild krekt komt is net dúdlik, de iisklup hat yntusken oanjefte dien by de plysje.
De iisklup warskôget ynwenners en winkellju yn Dokkum alert te wêzen op falsk jild.