Boargemaster Bats 'hiel bliid'

Boargemaster Rob Bats fan Skylge is 'hiel bliid' mei it akkoart tusken EVT, Doeksen en Ryk. Neffens him is der no foar de kommende jierren sekerheid oer de tsjinstregeling en dat jout de Skylgers rêst. Earder dizze wike like it der noch op dat de partijen der net út komme soenen. Doeksen kundige doe ek in priisferheging oan.
Gelokkich hawwe de partijen neffens Bats op 'e tiid ynsjoen dat in akkoart de bêste oplossing wie. It akkoart is nei alle gedachten ek better foar de sfear op it eilân.
De eilanners wiene de ôfrûne jierren ferdield yn twa kampen. Dat kaam de sfear op jierdeisfeestjes net altiten ten goede.