Doeksen is bliid mei akkoart

04 apr 2014 - 09:56

Direkteur Paul Melles fan rederij Doeksen is bliid mei it akkoart dat tongersdeitejûn sletten is mei de EVT. It soarget dat der einliks dúdlikens komt foar eilânbewenners en meiwurkers. Doeksen nimt fearboat de Spathoek oer fan de EVT en ek it personiel fan de EVT wurdt oernaam. Dêrtroch ûntstiet 'oerkapasiteit' by Doeksen, lit Melles witte.

De Spathoek bliuwt oant septimber yn de feart en fart neffens tsjinstregeling. Wat dêrnei mei boat en meiwurkers bart is noch ûndúdlik. Melles kin gjin garânsjes jaan oer harren takomst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)