Erwin Rob hat 'dûbel gefoel'

04 apr 2014 - 08:53
  • Direkteur Erwin Rob

Direkteur Erwin Rob fan de Eigen Veerdienst Terschelling (EVT) hat in dûbel gefoel by de ein fan syn rederij. Hy seit dat it akkoart mei Doeksen en de steatssiktaris ferstanlik de bêste opsje wie, mar dat it gefoel wat oars seit. EVT krijt 9 miljoen euro fan de steat. Yn ruil dêrfoar moatte alle juridyske prosedueres stopset wurde.

De kontrakten fan it personiel fan de EVT rûnen noch oant septimber. Dêr is in sosjaal plan foar ôfsletten, sa seit Erwin Rob. It skip fan de EVT wurdt oernommen troch rederij Doeksen.

De EVT bliuwt noch in pear wiken ûnder de eigen namme farren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)