Drachtsterwei dit wykein ticht

04 apr 2014 - 06:39

De Drachtsterwei by Ljouwert giet fan freedtejûn ôf it hiele wykein ticht. By de brêge moat in kearwand fan acht meter djip de grûn yn. Sportpark Wiarda dat oan de Drachtsterwei leit, is troch de wurksumheden allinnich berikber fia Goutum. De fuotbalklups dy't hjir spylje, hawwe harren leden op de hichte steld, mar ferwachtsje wol oerlêst.

Foar de ynwenners fan Goutum sil it wurk ek foar oerlêst soargje. Neffens doarpsbelang is der begryp foar, mei troch de goeie kommunikaasje fan it projektburo. Moandeitemoarn betiid giet de dyk wer iepen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)