Fearboate-oarloch is foarby

Der leit in akkoart tusken Doeksen en EVT oer de feartsjinsten op Skylge en Flylân. Dat hat steatssiktaris Wilma Mansveld de Twadde Keamer tongersdeitejûn yn in brief witte litten. Doeksen nimt de Spathoek fan EVT oer en Doeksen wurdt de iennichste rederij dy't de feartsjinsten op Skylge en Flylân fersoargje sil.
De belutsen partijen - steat, Doeksen, EVT en gemeente Skylge - hawwe in skikking troffen. Dy hâldt yn dat alle juridyske prosedueres fan EVT ynlutsen wurde. De EVT krijt in fergoeding fan 9 miljoen euro fan de steat.
Dêrneist hâldt de skikking yn dat Doeksen in ried fan advys ynstelt, dêr't eilanners en belanghawwenden fan de eilannen yn beneamd wurde. Dizze ried krijt ynspraak by it jierliks troch Doeksen op te stellen ferfiersplan. De steatssektaris sil der op tasjen dat dit tafersjoch ek op in goede wize útfierd wurde sil.