Bou teaterkafee einliks los

De bou fan it teaterkafee njonken it Teater Snits is lang om let úteinsetten. Nei in lange syktocht nei finansiering is it eigener Freek Kramer slagge om teminste in part fan it âlde gebou njonken it teater ombouwe te litten. Neffens Kramer moat it ein maaie klear wêze. Teater Snits hat sels ek hoareka, mar dêr is gjin mooglikheid om in hapke te iten.
It teaterkafee wie ek al in lang in winsk fan de gemeente en fan de direksje fan Teater Snits.