Breabakker Van Dijk wol groeie

Breabakker Geert van Dijk fan Sint Jânsgea, wol syn bedriuw útwreidzje. It giet goed mei it famyljebediuw, dat al 101 jier op itselde plak bestiet en troch syn oerpake opsetten is. De bakkerij is op dit stuit seis meter heech en der moat nochris seis meter boppe op. Der wurkje acht man by Van Dijk, dy't alle dagen tsien ton brea meitsje.
De gemeente fynt it goed en as der gjin beswieren yntsjinne wurde, krijt Van Dijk oer seis wike de boufergunning en kin hy úteinsette mei it wurk.