Nije haadsponsor foar KNKB

03 apr 2014 - 20:04

FB Oranjewoud is de nije haadsponsor fan keatsbûn KNKB. Beide partijen binne it iens wurden oer in kontrakt fan ien jier. Doel is om dat alle jierren opnij mei in jier te ferlingen oant maksimaal fjouwer jier. Wat FB Oranjewoud krekt betellet oan sponsorjild is net bekend makke, mar wol soe it keatsbûn hjirmei wer finansjeel sûn wêze.

Neist it fêste sponsorbedrach giet der ek jild nei de Keatsakademy. Yn ruil dêrfoar komt it logo fan FB Oranjewoud op it wedstriidshirt fan de keatsers.

Begjin maart heakke FB Oranjewoud noch ôf as sponsor, mar no binne de partijen der dochs út kaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)