Smookferbod op Skylge

03 apr 2014 - 19:00

Der mei de kommende dagen net smookt wurde yn de natoergebieten op Skylge. De gemeente hat in smookferbod ôfkundige yn ferbân mei de grutte droechte. Ek op Skylge hat it al in skoft net mear reind. Steatsboskbehear en de brânwacht op it eilân hawwe al maatregels naam om brân foar te kommen en hiene de gemeente frege om it smookferbod.

Kommend wykein wurdt it tige drok op Skylge yn ferbân mei de fjoertoerkuiertocht. Dan wurde der goed 3000 minsken ferwachte.

Trefwurden: 
Skylge smookferbod
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)