Inktfiskjes foar kûveuzebern

03 apr 2014 - 16:20
  • In inktfiskje docht kûveuzeberntsjes goed

Kûveuzeberntsjes yn it MCL yn Ljouwert krije sûnt koart in knuffelinktfiskje. It doel dêrfan is dat de poppen rêstiger wurde en mear soerstof opnimme. Dat is ûntdutsen yn it bûtenlân.

De inktfiskjes wurde makke troch frijwilligers thús. Sy stjoere de knuffels dan nei in ambassadeur dy't de bisten goed kontrolearret. Nei in hite waskbeurt wurde se dan útdield op de kûveuze-ôfdieling. It MCL is it earste Fryske sikehûs dat de fiskjes brûkt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)