60 plannen Fryslân foar de Wyn

03 apr 2014 - 15:31
  • Wynturbine

Der binne hast 60 plannen by Fryslân foar de Wyn yntsjinne foar nije klusters fan wynmûnen op it Fryske fêste lân. Fryslân foar de Wyn bestiet út de stifting Hou Friesland Mooi, de Fryske Miljeu Federaasje en it Platform Duurzaam Friesland. Sy besykje mei stipe fan de provinsje sicht te krijen op plakken dêr't wynmûnen wolkom binne.

Lokale inisjativen foar it pleatsen fan wynmûnen binne frege om harren te melden en 58 hawwe dat dien. It giet om plannen út de hiele provinsje útsein Opsterlân en Smellingerlân.

De klam leit wol op gebieten dêr't de measte wyn stiet. Uteinlik moat ien en oar dúdlik meitsje hoe't Fryslân 530 megawatt oan wynenerzjy opwekke kin op it fêste lân. In ûnôfhinklike kommisje giet dêrmei oan de slach. It giet om relatyf lytsskalige klusters wynmûnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)