Tsien bekeurings tsjin oerlêst

03 apr 2014 - 14:35

De plysje hat woansdei tsien kear proses-ferbaal opmakke by in aksje tsjin oerlêst yn de binnenstêd fan Ljouwert. Fan de ferbalen wiene der acht foar it oertrêdzjen fan it 'samenscholingsferbod'. Twa persoanen krigen in proses-ferbaal om't se in mes by har hienen. Boppedat krigen twa manlju in gebietsferbod, om't se har mei de hannel yn drugs dwaande holden.

Om de oerlêst yn it sintrum en benammen yn en om de Weaze hinne tsjin te gean hat de plysje in team opset dat ekstra tasicht hâldt.

Trefwurden: 
Ljouwert binnenstêd oerlêst
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)