"Ofstân nimme fan wangedrach"

"Tajaan oan supportersterreur", sa fielde it foar foarsitter Ype Smid fan SC Cambuur. Dat sei hy op de parsekonferinsje dy't jûn waard nei oanlieding fan de kommoasje oer it opstappen fan trainer Dwight Lodeweges. Smid fynt de aksjes skandalich en hopet dat elk ôfstân nimme sil fan it gedrach fan de relskoppers fan tiisdei by it stadion. Lodeweges sels sei dat hy neat yllegaals dien hat, hy hat gebrûk makke fan de klausule yn syn kontrakt.
Ut namme fan de spilers sei Ramon Leeuwin dat sy it gedrach fan de relskoppers ek skandalich fine.
Neffens Smid wurdt der hurd wurke oan it útbouwen fan de klup, mar salang't relskoppers sokke aksjes hâlde bliuwt Cambuur in lytse klup. Lodeweges betanke de lieding, stêf en supporters fan de klup foar de moaie tiid by Cambuur en winske Henk de Jong in soad súkses om de klup yn de earedivyzje te hâlden.