Lederied KNSB poer oer Almere

03 apr 2014 - 12:30
  • KNSB

De lederied fan de KNSB is poer oer de gong fan saken oangeande Icedome yn Almere. De KNSB nimt noch wat langer de tiid om it proses oer de gunning fan de topsportstatus oan Icedôme Almere dien te meitsjen. De lederied is it net iens mei dat útstel, want neffens har wie de ôfspraak dat dat foar 1 april soe en "ôfspraak is ôfspraak".

De Fryske leden fan de ried freegje har sels ôf wat har rol noch is by de organisaasje, want se ha nei eigen sizzen neat yn te bringen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)