Nij Noardlik enerzjybedriuw

02 apr 2014 - 21:06
  • Enerzjyferbrûk

It nije enerzjybedriuw dat opset is troch ynwenners fan Fryslân, Drinte en Grinslân hat lang om let de fergunning binnen om útein te setten mei de levering fan gas en stroom. Noordelijk Lokaal Duurzaam woe eins al yn novimber los, mar krige doe de papieren noch net rûn. It nije enerzjybedriuw bestiet út tal fan lytse lokale inisjativen foar duorsume enerzjy.

Doel fan it enerzjybedriuw is om ein dit jier al oer de 4000 klanten te hawwen. No't de fergunning binnen is, kin yn maaie úteinset wurde mei levering.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)