Van der Snoek nei TMG

02 apr 2014 - 20:38

Direkteur Geert-Jan van der Snoek fan de Noordelijke Dagblad Combinatie wurdt op 1 july de nije baas by de Telegraaf Media Groep. Dat hat de NDC woansdeitejûn befêstige. Van der Snoek hâldt fuortendaliks op by de útjouwer fan ûnder oare de Ljouwerter Krante en Het Friesch Dagblad. Syn funksje wurdt oernaam troch finansjeel direkteur Leo Epskamp.

Neffens in wurdfierder fan de NDC feroaret der neat oan de koers fan it bedriuw. De ûndernimmingsried fan de LC lit witte alle betrouwen te hawwen yn de opfolger fan Van der Snoek.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)