Keunstwurk foar Nienhuis

02 apr 2014 - 20:00

Leonard Nienhuis, de doelman fan SC Cambuur, krijt in keunstwurk. Dat meldt RTV Noord. It wurk komt te stean yn de kantine fan syn âlde fuotbalferiening yn Aduard. Nienhuis krijt it wurk fan it bestjoer, de leden en de frijwilligers fan Aduard 2000. Se wolle hjirmei sjen litte hoe grutsk as se op de keeper binne. Yn it keunstwurk binne fuotbalattributen fan Nienhuis en syn freon Meis van der Heide ferwurke. Van der Heide kaam trije jier lyn by in fekearsûngelok om it libben.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)