Lesbysk pear kin bern erkenne

02 apr 2014 - 17:06

Op it stedskantoar fan Ljouwert hawwe duo-memmen Hetty Lousma en Wendy Trip woansdei har soan Kees Jasper Trip offisjeel erkenne litten. Foar safier't bekend is, wiene sy de earsten yn de gemeente Ljouwert. Sûnt 1 april is it mooglik om as lesbysk stel allebei juridysk âlder fan it bern te wurden. Earder koe dat allinnich mei djoere prosedueres regele wurde.

Trefwurden: 
Ljouwert lesbysk pear erkenne
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)