Staking by Holland Casino

02 apr 2014 - 16:30

De wurknimmers fan Holland-Casino yn Ljouwert sille freed stake. It wurk wurdt 24 oeren lang dellein. De wurknimmers komme yn aksje om't it bedriuw troch besunigings hûnderten wurknimmers dien jaan wol. Ferline jier krigen 500 minsken al dien. De bûnen tinke dat de minne bedriuwsresultaten fan de ôfrûne jierren in resultaat binne fan ferkearde besluten fan it bestjoer.

Se fine dat it der no op liket dat net de top mar de wurknimmers op de flier de priis fan it mismanagement betelje moatte. De staking fan freed begjint om 17.00 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)