Maat en tsjinstanner op fjild

De wedstriid tusken FC Utrecht en Cambuur dy't woansdei spile wurdt, is foar twa spilers net samar in wedstriid. Oant jannewaris spile Bob Schepers oardel jier foar Utrecht. Hy treft dus syn âld-ploechmaten. Dat jildt ek foar Mark Diemers. Hy is in echte Ljouwerter dy't sûnt de simmer fan 2013 by FC Utrecht spilet. Schepers en Diemers binne boppedat goede freonen. Se spilen tegearre yn de jeugd fan Cambuur en wennen flakby mekoar doe't se beiden by Utrecht ûnder kontrakt stienen.