Europeeske priis foar monteur

15 feb 2012 - 16:17

Fryslân hat der in Europeesk kampioen by: Rinze Louwsma fan Achlum. Louwsma is útroppen ta bêste DAF-truckmonteur fan Europa. Louwsma wurket by Cosmo trucks yn Boalsert. De wedstriid waard hâlden yn it DAF-fabryk yn Eindhoven dêr't hy it opnimme moast tsjin monteurs út Ingelân, Frankryk, Italië, Dútslân en Poalen.

Louwsma sleutelet al 14 jier oan frachtweinen. Ferline jier waard er útroppen ta de bêste fan Nederlân. De priis bestiet út in reis nei in tropyske bestimming mei syn húshâlding.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)