Utstel foar plannen Icedôme

02 apr 2014 - 13:34
  • Untwerp fan Icedôme

De presintaasje fan de plannen foar it iisstadion Icedôme binne wer útsteld. Dat stiet yn in ynterne brief fan de KNSB, dy't Omrop Fryslân yn hannen krige. Yn septimber 2013 begûnen KNSB en it Consortium Almere mei de útwurking fan de gunning fan de topsportstatus oan Almere. De ôfspraak wie om dy útwurking foar 1 april 2014 klear te hawwen, mar dat is dus net slagge. Neffens de KNSB binne de plannen wol yn in lêste faze, mar is it net ferstannich om dy no al nei bûten te bringen, om't dat neffens de inisjatyfnimmers liede kin ta spekulaasje.

Ein dizze of oars begjin takom wike komt der dúdlikheid oer de plannen fan de bou fan Icedôme by Almere. Neffens wurdfierder Huub Snoep fan de KNSB wie dy datum fan 1 april net hurd.

In wurdfierder fan it transportium yn Zoetermeer, neist Thialf de oare gadingmakker, seit teloarsteld te wêzen. Neffens Glenn Metselaar hie it foar alle partijen it bêste west as der no al dúdlikheid wie. Dy reaksje komt ek út Fryslân der't al begûn is mei de bou fan it nije Thialf.

Lês hjir de brief fan de KNSB.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)