KfK bliid mei lange baan Eelde

15 feb 2012 - 15:48

De ekonomy yn it Noarden sil profitearje fan de baanferlinging op fleanfjild Eelde. Dat ferwachtet de Keamer fan Keaphannel. Neffens de organisaasje wurdt it Noarden makliker berikber en dat sil groei betsjutte by besteande bedriuwen en mooglik ek de komst fan nije bedriuwen. Ek de organisaasje fan it MKB, it midden- en lytsbedriuw, ferwachtet in ympuls troch de langere baan.

Woansdei hat de Ried fan Steat de beswieren tsjin dy ferlinging ôfwiisd. Troch de ferlinging kinne gruttere fleantugen Eelde oandwaan.

Eelde wol de baan ferlinge fan 1800 oant 2500 meter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)