Sjauffeur ûngelok Idaerd socht

02 apr 2014 - 11:09
  • Plysje

De plysje siket de bestjoerder fan in ljochtgrize auto dy't tiisdeitemiddei om in oere as fiif belutsen wie by in ûngelok op de Friesmawei yn Idaerd. Yn in bocht fan de dyk botste de bestjoerder op in fytser dy't him yn 'e mjitte kaam. It famke fan 12 jier foel op 'e grûn en rekke ferwûne. De bestjoerder stapte út, prate mei it famke en warskôge har mem. Dêrnei is de man fuortgien. It famke is mei ferwûnings oan 'e foet oerbrocht nei it sikehûs. De plysje siket kontakt mei de bestjoerder fan de auto.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)