'Baas NDC oer nei Telegraaf'

Geert-Jan van der Snoek, direkteur fan de NDC, stapt oer nei De Telegraaf. Hy wurket sûnt maaie ferline jier foar de Noordelijke Dagblad Combinatie. Syn belangrykste taak wie de reorganisaasje by it krantebedriuw. Fan de 750 banen ferdwine der 250. De NDC hat de oerstap noch net befêstige. Meiwurkers fan it bedriuw sizze dat it personiel earst op de hichte brocht wurde moat.
In pear wike lyn melde it Financieel Dagblad dat De Telegraaf en de NDC ek mei elkoar prater oer in fúzje.
De Telegraaf wol syn regionale kranten, de Gooi en Eemlander en it Noord-Hollands Dagblad ûnderbringe yn in nij bedriuw, mei dêrby ek de NDC-kranten. Oft dat no ek oan de hân is, is net dúdlik.