Langwarder Merke bliuwt wol

Tsjerke Langwar © Google Street View
Langwar hâldt foarearst de Langwarder Merke en de Amsterdamse Dei. Dizze aktiviteiten drigen te ferdwinen, omdat it bestjoer fan de Vereniging voor Volksvermaken gjin nije bestjoersleden fine koe. Ferskate oproppen yn it doarp hiene neat opsmiten. It bestjoer wie sa fier dat se op de ledegearkomste fan 22 april foarstelle woene om der mei op te hâlden as der gjin nije bestjoersleden kamen. It Beatrix-komitee út it doarp melde tiisdeitejûn dat se it bestjoer helpe sille mei de organisaasje fan de aktiviteiten.
Dat betsjut dat de foar dit jier de plande aktiviteiten trochgean kinne. De help is lykwols tydlik, dus it ferlet fan nije bestjoersleden bliuwt bestean.